...altyd nijsgjirrich!

De optocht; altiten wer in hichtepunt!

De optocht fan freedtemoarn is yn Aldtsjerk bysûnder. Alle jierren sette de ynwenners harren yn om spektakelstikken te meitsjen!

Sa ek wer yn 2026, 9 fersierde weinen en 9 fyts(groep)en mei it tema FEROARING. En dat koe fansels alles wêze. Fan it thúsbesoargjen fan iten mar ek fan iten nei skiten….
Dan binne de plaatsjes fan de rûp nei in flinter leafliker. Mar ek fan Feintebûn nei Fammebûn is in grutte feroaring. It miljeu, it ûnderwiis, de muzyk alles is feroare. De sjuery hat it mar wer swier dit kear.
Wêr fynt men noch in doarp dat alle jierren sa’n moaie optocht hat? Aldtsjerk kin grutsk wêze op en wiis wêze mei de organisearjende Feintebûn.

Klik op ûndersteande foto foar in fergrutting en it bepalen fan eigen snelheid op kompjûter of tablet fan it (te?) grutte oantal foto’s.