...altyd nijsgjirrich!

Hjoed siet der alwer muzyk yn it Readtsjerkje, no op film!

Sneon waard der wer songen en muzyk makke yn Readtsjerk!

Op bepaalde sneonen, krektlyk as hjoed, wurdt der yn it kader fan Tsjerkepaad mar ek nei de Bloeiweek (fan 28/8 – 5/9)  ta, musisearre troch Trynwâldsters. De botte entûsjaste sjongers wurde begelaat troch Jetske Anema op de akkordeon, Tietie Bakker op blokfluit(en) en Gerrit Slotboom op in cajôn. Yn it skoft spile Albert van der Ploeg op it oargel.

Op 15 augustus binne se der wer en kinne jo wer meidwaan! Fan nije wike ôf hingje der ek skilderijen fan Lokke Spoelstra-Boorsma!

Der is in koart filmke fan makke wat hjirre te finen is.