...altyd nijsgjirrich!

Tom Visser spile yn it Readtsjerkje

Yn de tsjerke fan Readtsjerk wurdt de kommende tiid alle sneonen muzyk makke. Ofrûne sneon spile Tom Visser (12 jier) út Rinsumageast efkes op it oargel, dat wie prachtich om te sjen en te hearren.

Sneon 15 augustus meitsje Jetske, Tietie en Gerrit dêr wer muzyk. Op 22 augustus spilet famylje Van der Meer yn it Readtsjerkje. Ek kinne jo de skilderijen fan Lokke Spoelstra-Boorsma bewûnderje. Elkenien is fan herte wolkom alle sneonen yn’t Readtsjerkje fan 13.30 – 17.00 oere oant en mei 12 septimber. Kom gesellich del, sjoch, harkje of sjong mei.

Froukje Bolding hat it optreden fan Tom filme en Hans Dijkstra hat it bewurke en it resultaat is hjirre te finen.