
Sneon 12 septimber wie al wer de lêste Tsjerkepaad fan dit jier yn it Readtsjerkje. Op sa’n 11 sneontemiddeis ûntfongen gasthearen en gastfroulju sa’n 217 gasten.
Dit jier wy it tema muzyk yn tsjerke en dat koe yn it Readtsjerkje:
Sjonge mei meardere kearen muzyk fan Jetske, Tietie en Gerrit en sang fan leden popkoar Wooman en elk dy’t delkaam koe meisjonge. En in kear muzyk mei de famylje Van der Meer. De keunst, oan de muorre dit jier fan Lokke. Men koe genietsje fan de prachtige kleuren fan de skilderijen en harkje en/of meisjonge mei de muzyk. Neffens ús in goed slagge Tsjerkepaad. Takom jier 2027 dogge wy wer mei, wa’t ús team fersterkje wol of gewoan delkomme wol is fan herte wolkom.
Rûnom it Readtsjerkje bin ferskate frijwilligers aktyf. Sûnder harren gjin Tsjerkepaad, kreas tsjerkhôf, konserten of tsjerkje. Dat sadwaande hie it bestjoer as ôfsluting fan it Tsjerkepaad 2026 sneontemiddei in hapke en drankje. Gesellich yn it sintsje op stuollen fan Tseard fan der Kooi kofje, tee en in noflik neipetear. Takom jier wer! Foto’s fan Hans Dijkstra.
De kommende tiid bin der noch ferskate aktiviteiten fan de Kulturele Kommisje yn it tsjerkje. Sjoch dêrfoar op https://www.readtsjerkje.nl (Voorstellingen) en op facebook Readtsjerkje Culturele Commissie.
Wa’t nocht en tiid hat om foar ‘t Readtsjerkje yn it spier te gean, nim dan kontakt op mei ús siktaris (secretaris@readtsjerkje.nl).
Oant sjen!
It bestjoer fan ‘t Readtsjerkje
Jikke, Froukje, Ale en Almar Wimer