
Krekt as altiten wie dizze feekeuring op freed yn de hjerstfakânsje yn de maneezje.
Der wie in protte publyk mar der binne wolris mear bern op ôfkaam. Mei opsetsin is dizze datum keazen. Dan binne de bern frij en kinne se de bisten moai foarbringe. Mar ek foar bern út it doarp is dit in moai útsje.
Der binne ek dit ôfrûne jier wurkers fan foarhinne ferstoarn lykas de Trynwâldsters Brouwer en Dotinga. Sy binne dan ek by de iepening betocht. Neffens de nije skriuwer fan it foarwurd is de ynbring van bisten lyk as in oare jierren. De tiden binne no wol feroare, it begong hjoed om 14.30 oere en om 22.30 oere wurdt de algemiene kampioen bekend makke!
Op de foto de priisútrikking van de keallen midden, nûmer 161, Liphûster Gine 97 fan Mts R en A Calis, út Lippenhuizen.
(Klik op de foto hjirûnder foar in fergrutting en it bepalen fan eigen snelheid op tablet of kompjûter).