...altyd nijsgjirrich!

In boppeslach!

Tongersdei waard in pakket mei allerhanne lekkers útrikt mei in taspraak oan de korrespondint fan Trynwâlden Online. Middels dit parseberjocht wurdt eltsenien hjirfan op 'e hichte brocht.

PARSEBERJOCHT

Op’e Frisiastate rolje sawat deistich prachtige publikaasjes fan’e bân. As de brânwacht oefenet, as der in high tea is of as de breiklup har parsemomint hat: Piet is der by. Dizze ferslachjouwer kin út ’e keunst ferslach dwaan yn wurd én byld. En dat boppe-al tagelyk. Omrop Fryslân kin hjir wol ris staazjerinne.

Boppedat is Piet ek hiel fluch. Guon sizze dat de stikjes earder online stean as dat se barre. Ynkoarten stiet CNN hjir op’e dyk. Dan is dizze ferslachjouwer út Oentsjerk wrâldnijs.

Beide prestaasjes binnen sa’n boppeslach dat de bewenners fan de Frisiastate besletten ha om Piet te beneamen ta Ferslachjouwer Fan It Jier!

Mei in wolfertsjinne bokaal is der noch in moaie neisit. Tsjoch!

(Fansels net ferwachte mar tige tank foar dizze wurdearring, Piet Reitsma.)

0 van 0