...altyd nijsgjirrich!

Martsje de Jong fertelde oer har skriuwerswurk

Tongersdeitejûn kamen sa'n 25 harkers nei dBieb yn Gytsjerk om it nijsgjirrige ferhaal fan Martsje de Jong te belústerjen

Dat der mear froulju wienen dan manlju kaam ek te pas by de wurden fan Martsje; der binne mear manlike skriuwers, foaral yn eardere tiden. Mar dat hâlde de skriuwer, oersetter, dichter, redakteur, korrektor en ferhalenferteller net tsjin. It is somtiden net maklik om bgls. in gedicht om te setten, rymt it om te setten gedicht dan moat it leafst de fertaling ek rymje en de ynhâld moat gelyk bliuwe. De tiidwurden jouwe faaks ek net mei, sa wurde se yn de doetiid oars. Mar ek it oersetten van boeken hat sa syn swierrichheden. Moat de namme itselde bliuwe of kin der in moaie Fryske namme foar yn’t plak komme? Mei oare wurden; Martsje neamde de tûkelteammen.
Nei ôfrin wienen de ferskate fragen dy’t allegearre wiidweidich beändere waarden. Bysûnder wie noch dat it Kadoboek skreaun wurde sil troch fiif skriuwers wêrûnder Martsje fansels mar ek in Trynwâldster skriuwer; Marije de Lange út Mûnein.