...altyd nijsgjirrich!

Seinemeane….

It is wer oktober en dan komt in ploechje mei seinen om it gers by de fiver te meanen.

Om-ende-by 13 persoanen, manlju én froulju, soargen derfoar dat it aansten wer klear foar de winter is. It wurdt meand mei de seine sadat it sied der útfalle kin en it oare jier wer opkomme kin. In blomrike omjouwing is goed foar bijen en oare ynsekten. Der stiet ek in bijekast op it terrein.
It waar wie wat bluisterich mei wyn en buien mar dat dearde de wurkers net. Tuskentroch efkes in lekker bakje helje by It Wapen fan Fryslân en dan fierder. It sil hjoed wol klear!