
Blikjes yn de berm, plestik tusken de struken of ôffal by de wetterkant del. Je sjogge geregeld dat der ôffal yn de natuer bedarret.
Op de earste sneon fan de Bloeiwike Mûnein-Readtsjerk 2026 gie in klupke fan ús alderjongste doarpsbewenners mei de ôffalgriper troch it doarp. As wite tornado’s hawwe se Mûnein skjinfage. De rûte fan goed 1,7 kilometer rûn fan it Bloeiwike feestterrein fia de Mounewei en Kylstrawei ôf nei de Kaetsjemuoiwei, de Flaaksikkers en de Ekkelreed. Wy kamen dizze earste moarn op mar leafst 9 kilo oan swalkôffal (de ferrustke skeppe noch net iens meirekkene). Dêrneist ha wy 2 staasjejildblikjes fûn. Ek 3 plestikfleskes. Sa gie der sneontemoarns al € 0,75 nei it goede doel: it Keninginne Wilhelmina Fûns. Op de moandei -, woansdei – en freedtemoarn helle in fiiftal wat âldere doarpsgenoaten op in wat gruttere rûte, binnen én bûten de doarpen noch in lytse 14 kilo út bermen en grienstroken, dêrûnder 151 sigarettepeuken en 61 ferpakkingen fan ferskate produkten. Oan staasjejild wie de opbringst: 5 blikjes en 4 fleskes (plestik en glês): € 1,35. Dat liket net folle, mar fan 1 jannewaris ôf o/m 28 augustus pakten wy yn in striel fan 1,5 kilometer om it doarpshûs mar leafst 175 staasjejild blikjes en fleskes op: € 26,25. It jier is noch net oan ‘e ein… Yn hiel 2025 brocht dat yn itselde gebiet € 65,- foar it KWF op!
Net allinne is der yn de Bloeiwike in soad rommel út de berms of tusken de strûken wei helle, it enthûsjasme yn dizze Bloeiwike wie sa grut, dat wy fan doel binne om hjirmei gewoan troch te gean. It doel is om yn elts gefal de twadde woansdei fan ‘e moanne in opromkuier te dwaan. We geane op woansdei 9 desimber foar it earst los. Dernei steane woansdei 13 jannewaris, woansdei 10 febrewaris en woansdei 10 maart op de kalinder. Wy starte dan om 9 oere moarns op de Kaetsjemuoiwei 27 (it houten hûs). De kuierkes binne sa tusken de 3 en 6 kilometer.
Wolle jo ek mei ús te ôffalswalkjen? In emeltsje nei Rinze de Vries (rinzedevries@icloud.com), of efkes belje kin ek: 058-2562376.