
Op tiisdeitemiddei 3 novimber 2026 kamen boargemaster en wethâlders fan de gemeente Tytsjerksteradiel op besite yn Gytsjerk.
Sy makken tegearre mei in tal amtners in kuier troch it doarp, wêrby doarpsbelang Gytsjerk in taljochting joech op wat der yn Gytsjerk spilet. De moeting einige yn dBieb wêr’t de boargemaster de nije doarpsfisy oerlange krige, der noch ynsprutsen waard en allerhanne saken oer en wer bepraat binne.
Jo kinne it koarte ynstjoerde ferslach yn de ûndersteande PDF lêze.
Besite kolleezje oan Doarpsbelang Gytsjerk