Toanielferiening It Nije Doarp út Mûnein spilet dit jier wer in skitterende klucht! Sûnt septimber is de toanielploech drok oan it oefenjen foar it stik ‘Famylje Bruinsma yn ’e bocht: Oantreklike hear siket frou’. Skreaun troch Carl Slotboom.
Koarte ynhâld: Sjef Bruinsma hat syn nocht derfan dat syn soan mar wat by hûs omhinget en fynt it tiid dat er op himsels wenjen giet. Mar dat is makliker sein as dien! Hoe krije se Boris de doar út? Boris prakkesearret der net oer om fuort te gean. Hy hat it thús bêst en wurdt goed fersoarge troch mem. As der famylje útfanhúzjen komt, wit dy wol rie…. Hoe’t dit ôfrinne sil? Dat kinne jim sels sjen.
Freed 3 en sneon 4 febrewaris om 20 oere yn kafee ’t Mounehoekje yn Mûnein. Seal iepen om 19 oere. Sneon mei muzyk fan Klaas Jan.