...altyd nijsgjirrich!

Efkes de Prak om…

It is op nijjiersdei hast maitiid. It sintsje skynt hearlik en dat noeget út ta in kuierke. Efkes de praktykskoalle om. De beam is dêr moai te sjen yn de grêft. It hoantsje flikkerret op 'e tsjerketoer en de skiepkes weidzje noflik.

Mar de einen yn de feart fertrouwe it mar neat as der in kat oer de wâl rint. Dy’t ûnderoan sit fernimt der net fan en genietet fan it lekkere waar. De wjerskyn yn it stilsteande wetter is prachtich. It nije jier begjint útsûnderlik!