...altyd nijsgjirrich!

Alde auto’s en moters út de twadde wrâldkriich

Op 5 maaie kamen der sa’n 60 alde legerweinen en moters troch de Trynwâlden. Ek kamen se troch Oentsjerk. Se rieden oer de reade singel, fia Earnebuorren en sa troch Mûnein nei Feanwâlden.

Der wiene aparte legerauto’s by. En sommigen rikken aardich. It is mar goed dat de auto’s hjoed-de-dei minder útstjit hawwe!
Troch it moaie waar stienen der in soad minsken oan de kant. Ek moai foar de ynsittenden fan de âlde auto’s