In útsûnderlik moaie neisimmerjûn op Bûtenmoark, tusken Aldtsjerk en Bartlehiem. In jonge mem dy't mei har bern op hûs oan fytst. Kees Seinstra dy't foar de nacht noch gau even syn gers byinoar swilet. Inkelde fytsers dy't oer it Heechhout harren wei ferfolgje. Oant úteinlik de sinne it wol wer besjoen hat en him achter Bartlehiem noflik deljout.
Foto’s Jan de Boer