...altyd nijsgjirrich!

Mûnder fan it jier

De jierlikse doarpspriis fan Mûnein/Readtsjerk, de 'Warbere Mûnder', wie dit jier foar Pyt van de Polder.

Dy priis wurdt útrikt oan dyjinge dy’t him of har op watfoar wize dan ek tsjinstber makket foar de doarpsmienskip.

Doe’t  immen fan doarpsbelang Mûnein/Readtsjerk oan Pyt van de Polder  frege om ris wat te fertellen oer de fûgels yn en om Mûnein en Readtsjerk, tocht hy fuort oan de fûgelwacht. In moaie kâns om it fûgelbarren ris oer ’t fuotljocht te bringen. Mar doe’t de arguminten foar de doarpspriis oplêzen waarden troch bestjoerslid Wybe Meijer fan doarpsbelang Mûnein/Readtsjerk, seach Pyt de bui eins al wat hingjen…

Pyt wie tige ynnommen mei de doarpspriis: in sulveren spjelde fan in mûne, makke troch sulversmid en doarpsgenoate Geertsje Dupon.