...altyd nijsgjirrich!

Dautraapje

It wurdt al hast tradisjoneel, dautraapje op Himmelfeartsdei.

In lytse tritich minsken kamen om acht oere nei it Lijsket ta om earst in moarnsbrochje te iten. Noch gau efkes op de foto en doe koe men fan start. De fytsen bleaunen stean en de achterbliuwers koenen de rotsoai oprêde….

It waar en de natoer wie fantastysk en der is fan genoaten. De fuotten stienen net stil mar de measte mûlen ek net! Underweis wie men oan it reidtekken, fiskjen of op it lân oan it wurk. De belibbing fan sa’n himelfeartsdei feroaret wol wat troch de jierren hinne….

Yn Wyns waard de groep ûntfongen troch dûmny Ida Verburg, stie de kofje klear en spile Sebastiaan Schippers prachtich. Nei de oertinking rûnen de measten it paad werom.