Sels tinke dizze Trynwâldsters dat it miskien wol 15 jier is, mar it soe ek wolris folle langer lyn wêze kinne.
Doe’t se foar it earst op twadde pinksterdei it fêste plakje ynnamen oan de ein fan de Rhaladyk. It plak wêr’t de alvestêdefytsers del komme en dat se dan krekt as Stattler en Waldorf yn de Muppetshow geregeld in grappige opmerking de loft yn slingerje. Want it wurdt dêr altyd moai opsein. Mar meastal krije de dielnimmers oan de swiere tocht wol in verbaal triuwke yn de rêch mei. En as je dan de finish noch net helje dan witte wy it ek neat mear…