Op it njoggende Sellekonsert fan brassband De Bazuin wie as gast act de band Alice Springs oanlutsen. De band út Wolvegea spilet nûmers van The Dubliners en The Pogues. It B-orkest fan De Bazuin ûnder de deskundige lieding fan dirigint Sietse Hamersma hie wer in nijsgjirrich program gearstald. En dan blykt mar wer dat de waarme brassklanken har hiel goed kombinearje litte mei de Keltyske klanken fan Alice Springs, dy't bier en whiskey yn har songs royaal floeie lit.
Foto’s Jan de Boer