...altyd nijsgjirrich!

Measte stimmen Aldtsjerk nei VVD

By de gemeenteriedsferkiezings binne der yn Aldtsjerk yn totaal 331 stimmen útbrocht. Mei krapoan 20 prosint kaam VVD as winner út de bus. De ChristenUnie moast it mei 3,6 prosint dwaan.

Helle it CDA yn de gemeente Tytsjerksteradiel mei 23 prosint de measte stimmen – yn Aldtsjerk kaam dy partij net heger as 11,5%.

De score (mei oantallen en percentages):

VVD – 66 – 19,9%

FNP – 64 – 19,3%

Groen Links – 59 – 17,8%

PvdA – 51 – 15,4%

CDA – 38 – 11,5%

D66 – 39 – 11,8%

Christenunie – 12 – 3,6%

Blanco – 2 – 0,6%

Totaal 331

It soe wol nijsgjirrich wêze hoe’t de oare doarpen yn de Trynwâlden skoard ha. Hopelik komme de útslaggen dêr ek noch wei.