De bruorren Anker songen it oait: "Daar komt weer een otter aan". It is wol bekend dat de otter ek yn de Trynwâlden syn plak fûn hat, mar je sjogge se eins noait.
Jan Oostenbrug skeat dizze foto foar syn hûs oan it Set by Gytsjerk. ,,Wy sieten te iten en ynienen toch ik dat ik in grauwe kat oer de wei fleanen seach. Mar al gau hie ‘k wol yn ‘e gaten dat it in otter wêze moast.”
,,Ik pakte myn kamera en soe it wiete spoar folgje. Doe kaam it bist ek noch wer werom! Soks makkest fansels net sa faak mei.”