Freed 15 novimber komt Noordenbos en Ko mei in kabaretfoarstelling yn Oerein te Aldtsjerk.
Noordenbos & Ko bestiet út Klaske Kingma-Noordenbos, Janneke Themmen-Westra, Renie Zuiderveld, Aline van der Weij-Struiksma en Pieter Jelle van der Laan, pianist en muzykskriuwer.
Klaske skriuwt de teksten mei help en ideeën fan de hiele ploech.
It lûd wurdt fersoarge troch Henk en Richtsje van den Berg.
It is in ploechje enthûsjaste minsken dy’t graach sjonge en in toaniel-tic ha. Se spylje ûnderwerpen weryn’t nearne tsjin oanskopt wurdt, dus net echt maatskippij-krityske stikjes.
It wichtichste? Mei in protte nocht de minsken in noflike jûn besoargje.
De yntree is €10,- ynklusyf kofje/thee mei wat lekkers derby. Fanôf 19:30 oere binne jo wolkom en de foarstelling begjint om 20:00 oere.