De fjouwer reedriders dy't foar de jierwiksel fan har plak yn Aldtsjerk fuorthelle wienen, binne wer terjochte.
De âldjiersploech fan Easterein hie it keunstwurk meinommen en as jachttrofee foar it kafee yn dat doarp te kyk setten. De mannen hawwe it ding ynmiddels wer by de Rhaladyk op syn plak brocht.