Folop kleur oan de Rhaladyk
By de mole oan de Rhaladyk by Aldtsjerk bloeie de klaproazen tusken it bijenmengsel, dat yn in stikje fan de berm siedde is.
Salang’t der noch net meand wurdt lykje dit wol lytse paradyskes. Fûgels en ynsekten binne hjir bliid mei.
En de minsken ek.