...altyd nijsgjirrich!

HIMMELDEI GYTSJERK (26 novimber jl.)

Yn gearwurking mei Gemeente Tytsjerksteradiel en beide skoalen Ichthus en Thrimwalda (Groep5-6 en 7-8), hat Doarpsbelang Gytsjerk in HIMMELDEI organisearre fan út Doarpshûs De Bân.

De juffen Froukje en Petra hienen mar leafst 14 groepen foarme om it hiele sintrum fan Gytsjerk skjin te meitsjen fan plastik, hout en oare rommel. Dat is tige goed slagge.
It foel wol op dat der yn fergeliking ta eardere jierren, minder ôffal yn de strjitten lei. Dat is posityf te neamen!
Dochs waarden der noch trije konteners fol ôflevere by Doarpshûs De Bân. De gemeente hie de konteners fersoarge tegearre mei knipers en prikkers foar alle bern.
Sponsor Albert Heijn (Tjeerd Castelein) út Gytsjerk hie foar in hearlike fersnapering soarge foar alle bern. Nei ôfrin wie der hearlike ranja, in koek en sûkolade foar alle bern. Klearset troch de frijwilligers fan De Bân en belangeleas beskikber stelt troch de krudenier fan ús doarp.

De organisaasje tanket sponsor, skoallen, frijwilligers en bestjoer fan De Bân foar de goeie soargen en in spesjaal wurd fan tank foar de gemeente Tytsjerksteradiel foar it bringen en heljen fan de konteners en ôffier fan it ôffal.

Al mei al in tige slagge middei dy’t men takom jier graach werhelje wolle om ús doarp skjin te hâlden.