De tradysje is om mei âld en nij oaljekoeken te iten. Sa ek dit jier.
Yn Aldtsjerk wie men al betiid dwaande. Om trije oere it daai klearmeitsje en om fjouwer oere waarden de earste bollen fan de 1800 bakt! De opbringst giet nei Make-a-wish ta. Yn Gytsjerk hie de kream op it parkearterrein it ek al drok. En yn Oentsjerk stienen de minsken yn de rige foar de doar. Hjir waard ek in euro fan elke ferkochte pûde oaljekoeken donearre oan de stichting ALS. Sa stypje de ynwenners fan de Trynwâlden op dizze âldjiersdei ek noch goeie doelen.