...altyd nijsgjirrich!

Jiergearkomst ‘de Doarpsein’ Ryptsjerk 2023

Ien en al tradysje en in soad wille op jiergearkomst ‘de Doarpsein’ Ryptsjerk. Freedtejûn 17 maart 2023 wie de tradisjonele jiergearkomst fan de eineferiening de Doarpsein yn Ryptsjerk. ‘Tradisjoneel’ om’t it in gearkomst is fol mei tradysjes, gebrûken en nostalgy. It begjint al mei de aginda dy’t yn de 85 jier dat de feriening no […]

Ien en al tradysje en in soad wille op jiergearkomst ‘de Doarpsein’ Ryptsjerk.

Freedtejûn 17 maart 2023 wie de tradisjonele jiergearkomst fan de eineferiening de Doarpsein yn Ryptsjerk. ‘Tradisjoneel’ om’t it in gearkomst is fol mei tradysjes, gebrûken en nostalgy. It begjint al mei de aginda dy’t yn de 85 jier dat de feriening no bestiet noch hieltyd deselde is as yn 1938 doe’t de feriening oprjochte waard.

Sa’n 70 protters, sa as de ynwenners fan Ryptsjerk neamd wurde, kamen yn de Einekoer (wêr oars?) byelkoar en waarden troch harren foarsitter Wiebe van der Laan wolkom hjitten as einen en jerken. Wiebe van der Laan is in foarsitter dy’t as standup comedian de measte fan de hjoeddeistige kabaratiers fier achter him lit, hy praat de jûn oan elkoar op in wize dy’t oan ien stik troch soarget foar in soad wille yn de seal. Want dat is ek in tradysje, de protters fan Ryptsjerk komme nei de jiergearkomst foar in âlderwetske noflike jûn mei in soad wille en dom praat.

Ien fan de tradysjes dy’t wol feroare is mei de tiid is dat yn it ferline eintsjes (froulju) net wolkom wiene. Miskien is dat de ferklearring dat der mear jerken en einen yn de buorsterfeart tahâlde, wa sil it witte?

Tradysje is ek dat eltsenien yn it doarp-ek sûnder dat hja it witte- lid is fan de eineferiening. De jierlikse kontribúsje fan 15 eurocent feroaret net. Ek al is der alle jierren in bankenkrisis, de kontribúsje hat gjin lêst fan ynflaasje en wurdt troch it bestjoer noch altyd hûs oan hûs ophelle. De measten ynwenners fan Ryptsjerk jouwe wol krekt wat mear en dêr betellet de feriening de einekourren fan dy’t yn febrewaris yn de feart pleatst wurde.  En as it al in strange winter is, wurde de einen byfuorre fan dy sinten.

Byfuorje hoecht lykwols hast net mear, want it klimaat feroaret ek yn de protterstêd. De ferkiezings fan twa dagen earder wiene in grutte oerwinning foar de BBB. No tinke minsken dy’t stammerje dat Kerolein (sa sprekke jo Caroline blykber út as jo net yn de rânestêd wenje) harren foar de gek hat mei dy namme, mar wis is dat it troch dy oerwinning net mear te ferwachtsjen is dat de buorsterfeart yn Ryptsjerk foar 2035 noch in soad ticht frieze sil. De einen sille minder ferlet ha fan fretten yn de winter. Mar hawar, foardiel is dat de kontribüsje om dy reden sels noch wat nei ûnderen kin, der sit sa stadichoan ek al hast tûzen euro yn kas.

It priissprekken wie it hichtepunt fan de jûn. Fjouwer protters mochten har tsien minuten tariede op in ûnderwerp dat it bestjier keazen hie om dêrnei yn trije minuten in moai ferhaal te fertellen. Âld Ryptsjerker Tseard Otter, in frjemde namme fansels want in otter fynt in einepykje in lekker neigesetsje, mocht te set oer it ûnderwerp enerzjyplafond. Yn de trije minuten seach hie oars net as nei it plafond en die er krekt as koe er de einen ferstean. It past net yn dit ferslach om te sizzen wat Tseard tinkt wat de einen hieltyd roppe, want dan doe de eineferiening samar -krekt lykas de EINredaksje  fan Studio Sport- oanklage wurde kinne foar me-too-affêres. Hoe dan ek, It besoarge Tsaerd miskien wol in stiive nekke mar net de priis.

It eintsje Douwina Reitsma die foar it earst mei en wie de ienige frou. De sjuery fûn har ferhaaltsje oer ‘it geitenpaadsje’ it moaiste en Douwina krige de wikselpriis. Der moasten neffens Douwina mear geitepaadsjes komme foar de einen. Mear geitepaadsjes foar de einen, dy ymprovisaasje fan Douwina wie op himsels al in geitenpaadsje en de priis wurdich. Hja moat de wikselbeker takom jier ferdigenje.

Ta eintsjebeslút hâldt Menno Wiersma, âld bistedokter en skriuwer fan it boek “Elke Dierendag” in prachtich ferhaal oer wat er yn syn praktyk belibbe hie. Al mei al wer in tige slagge jûn.

Geart Andringa, siktaris eineferiening

0 van 0