...altyd nijsgjirrich!

Reüny Skewiel; ”Och heden ja, dat is lang lyn”

It wie freedtemiddei in hiel ochheden yn Heemstra State. No is en wie it dat faker sa fansels, mar dizze kear wie der wat besûnders oan de hân. In lyts ploechje mei- as ex-meiwurkers hie it lumineuze idee om ris op in middei byelkoar te kommen, in echte reüny dus.

Ik sei dat dat der in protte barde en foaral bard wie yn en om Heemstra State en Skewiel Trynwâlden sa’t it letter neamd waarde. Ja, en as jo dan de tillefoan pakke om fan in lyts ploechje in wat gruttere ploech te meitsjen, dan witte jo wol it begjin, mar by lange nei net it ein. En dat resultearre eintsje beslút yn in dielnimmerslist wer’t krapoan 150 nammen op stiene. En dy hûndertfyftich kamen freedtemiddei by elkoar yn Heemstra State. De measten kamen om lekker meielkoar te praten oer ‘froeger’, oer die moaie jierren wêrûnder de glorytiid fan Skewiel. Mar yn it begjin gie it moai grif oer ‘hoe’st no mei dy’, want de measten hiene elkoar faaks al jierren lang net sjoen, lit stean dat sy mei elkoar sprutsen hiene. Sa’n reüny is eins ien grut feest fan her- en werkenning. En de ferhalen ûnder in genot fan kofje mei gebak en letter mei in drankje, waarden hoe langer hoe moaier en somtiden ek sterker. Stof genôch, der is ommers nochal wat bard de lêste pear desennia rûnom Heemstra State. En al dy dingen dy’t der doe barden kamen op dizze freedtemiddei yn maart 2023 by omtrint elk groepke dat siet as stie te praten op it aljemint. Bearegesellich, al dy petearen, want fansels gie it ek oer it persoanlike wederfaren. It wie mar goed dat elkenien in badge droech, want al dy nammen, dat levere noch wolris wat problemen op. It hiele barren, doe’t omtrint elkenien der wie, waard iepene troch Conny Hoogland dy nei’t se elk wolkom hjitten hie, yn koart bestek útlei hoe’t it programma der útsjen soe. It bestek wy hiel koart: “Der is gjin programma, we binne der fan ûtgien dat jimme hjir kaam binne om te praten, dus ik soe sizze gean jim gong.” Mar der wie ek efkes in momint fan stilte om dejingen dy’t der eins by wêze moaten hiene mar net mear ûnder ús binne, te betinken. En doe wie it efkes deastil yn de seal wêr’t it derfoar in lawaai fan jewelste wie. En fansels waard it brein fan dit hiele barren, Maaike van der Meer- Sierksma, troch de ‘spreekstalmeester’ yn de blommen set, it golle applaus wie like lûd as terjochte. En fierder hoegde der eins neat regele te wurden, dat wie allegearre al dien. De byienkomst waard ôf sletten, hoe koe it ek oars, mei in stampotbuffet, boerekoal mei rookwoarst. En dat gie der prima yn. Sa prima, dat dit fêst net de lêste kear west hat dat der in reüny hâlden waard.

Tekst en foto’s
Binne Kramer

(Foar in gruttere foto en it bepalen fan jo eigen tempo op tablet en kompjûter, klik op de ûndersteande foto.)