...altyd nijsgjirrich!

It Readtsjerkje: Sjoerd en sa

De kop is der wer ôf yn It Readtsjerkje. It kulturele jier is wer begûn. Dizkear trape “Sjoerd en sa” ôf.

Sjoerd en sa is in groep fan fjouwer mânlju út de Wâlden en dat sille wy witte. Mar it wurdt net in midje mei allinnich rûch yn mûle en rauwe muzyk. Want ek al spylje hja de lêste jierren foaral op (doarps)feesten en binne se dêrmei trochbrutsen nei it gruttere publiek, harren “roots” lizze by de lytse setting. En sa wurdt it in ôfwikseljende midje yn It Readtsjerkje.
Se begjinne mei In nije dei. In eigen liet. Se sjonge foaral eigen wurk. Der binne trije “covers” mar de rest is fan eigen hân en dêr kinne sy it tige mei dwaan. Wat opfalt is dat de dea in plak krigen hat yn in oantal fan harren nûmers. In liet foar in jong ferstoarne freon. Trouw oan syn winsk om der gjin triest ferske fan te meitsjen. En dat is slagge, want “hoe kin ik gûle, asto altiten lakeste?”. En ek letter foar mem en pake. Minsken dy’t hjir net mear binne, mar dy’t yn leafde yn de muzyk betocht wurde. En dat ontroert en rekket de minsken.
Ofwikseljend komme der ferskes dy’t sa oars fan toan binne. Dan wurde de Wâldpiken wekker. En it publiek betinkt him net at der in berop dien wurdt op harren eigen Wâldsjersbloed, want it “ien twa trije, sil ik dy snije”, wurdt fan herten meiroppen.
En dat it hert Frysk is, docht ek net allinnich bliken út it feit dat al harren wurk Frysktalich is. Sjoerd sjongt allinnich in nij nûmer (der sil fêst noch wol oan skaafd wurde, sa seit hy). In nûmer dat syn oarsprong fynt yn it âlde Fryske folksliet. “Dêr siet krekt wat mear fjoer yn no?”
En sa nimme de fjouwer mannen, dy’t it sa te sjen oergryslik mei inoar fine kinne ús mei yn en nei utersten. Fan leafde nei de dea (en dat kinne jo twaliedich lêze). Fan fleurige, rauwe muzyk nei yntieme ferskes, allinnich song en diels a capelle.
It binne mannen dy’t harren fak fersteane. Se brûke muzyk om te fieren, te ferwurkjen, en te betinken.
En wat ek hiel leuk wie: Der wienen jonge bern ûnder it publiek. Hja songen alle ferskes mei (en ha de lêste koekjes opsnobbe 😉). Dat hoopje wy faker te sjen.

De folgjende culturele midje yn It Readtsjerkje is 10 desimber. Dan wat hiel oars, alhoewol, wy bliuwe yn de Wâlden: Hilly Harms komt fertellen. Oant dan!
Tekst: Djoke Rispens
Foto’s en klipke: Hans Dijkstra