In lang ferhaal oer de minne tiid yn it fean op 'e Burgerheide en in moai jong stel dat te krijen krige mei de duvel, ja it gie der mâl om ta yn it tsjerkje fan Readtsjerk sneintemiddei.
Hielendal út de holle en gjin papierke derby, Hilly Harms is noch altiten in fakfrou fan 85! Yn in folle tsjerke harken de minsken mûsstil nei twa prachtich brochte spannende ferhalen.