...altyd nijsgjirrich!

Utbater Mounehoekje fart net mear….

Yn 'e Mûnein binne se der mei ynnaam dat Bob fan it Mounehoekje ophâlden is te farren en de kroech wer iepen hat fan freed oant en mei snein fan 4 oere ôf. Troch de wike is it beskikber foar toaniel repetysjes, gearkomsten ensfh.

In hiele moaie samling âlde lampen hat hy op de kop tikke en geskikt makke foar moderne ferljochting mei allerhanne kleuren. De Mûneinsters hawwe yn eigen doarp wer in plakje om rûn de stamtafel te sitten mei sterke ferhalen, ûnder it genot fan in gleske fansels.
Sa kin bgls. ek de foarsitter fan iisklup Mûnein wer in gearkomste útsette mei as hiel âld gebrûk in slokje en in gehakbal út Gytsjerk mei moster!

0 van 0