...altyd nijsgjirrich!

De einekuorren steane wer!

Moandeitemoarn binne de trije einekuorren wer troch twa frijwilligers yn de fiver fan Heemstra State pleatst.

Trije kuorren steane wer yn it wetter dat de einen kinne wer útsykje! Men fernimt eins net dat se lizze. Moarns floep yn ‘e koer en der wer út! At se briede dan sjocht men se faker oerdei. No mar ôfwachtsje as it de eintsjes oanstiet. Foarich jier wiene se alle trije beset!

0 van 0