...altyd nijsgjirrich!

Sabeare giet wer los!! **Oankommend wykein**

**Oankommend wykein** freed 23 en sneon 24 febrewaris binne de lêste twa foarstellingen fan "Reboelje om Poeiersûker" fan toanielferiening Sabeare. De foarstellingen fine plak yn Pro Rege oan de Rengerswei 15 te Oentsjerk en begjinne om 20.00 oere. Der binne noch in pear kaarten beskikber foar beide jûnen.

**Wy ha der SIN YN!** 🌞🎭

Nei de koronaperioade mocht de Toanielferiening Sabeare ferline jier einlings wer spylje! It entûsjasme wie der yn de ôfrûne jierren net minder om wurden en lokkich wist ek it publyk it paad nei Pro Rege noch te finen.

Foar de toanielferiening hat dat in grutte stimulâns west om ek yn 2024 wer in toanielstik op te fieren. De tariedingen binne yntusken yn folle gong, de repetysjes binne begûn en de lokaasje en de spyldata lizze fêst.

Graach nûget Sabeare jo út foar it stik

“ Reboelje om Poeiersûker “

Freed 23 febrewaris 2024

Sneon 24 febrewaris 2024

Oanfang 20.00 oere yn Pro Rege yn Oentsjerk.

Alfêst in tipke fan de wale;
Wat moat de eigenwize Margje mei har húshâlding op camping it Paradyske?
Se hiene dochs in reis nei in hiel oar paradys wûn?
Albert tinkt der oan om syn âlde berop wer op te pakken en Margje wol ynienen pankoeken bakke.
Dêrby komt poeiersûker wol fan pas, mar Jan wol syn poeiersûker werom.
De meiwurkers fan de camping hawwe sa allegear har eigen problemen mar besykje sa goed en kwea as it giet, de camping iepen te hâlden.
Soe de bekende sjoernaliste ek in goede aktrise wêze?
En dy ferneamde regisseur … is dat ‘m echt?
Koartsein, der bart mear as genôch yn dizze komeedzje

Sy sjogge jo graach yn febrewaris 2024!

Sy ha der sin yn!

POSTER
0 van 0