...altyd nijsgjirrich!

Thrimwalda by finalisten SjONG junior!

8 basisskoallen yn de finale fan SjONG junior 2024 wêrûnder Thrimwalda út Gytsjerk!

De finalisten fan SjONG junior 2024 binne bekend. In soad skoallen rûnom yn Fryslân folgen de ôfrûne wiken de online muzykles en hawwe harren audysje ynstjoerd. Fan dy skoallen krije no acht de kâns om yn it programma SjONG junior in eigen hit te skriuwen. Mei dat ferske nimme se it yn de finale tsjininoar op. De acht skoallen dy’t har no pleatst hawwe meie ûnder lieding fan Raynaud Ritsma en oare profesjonele muzikanten in eigen liet meitsje. Dat proses wurdt registrearre troch Omrop Fryslân Tsjil en is te sjen yn de searje dy’t fan april ôf te folgjen is. De ûndersteande acht skoallen dûke de kommende perioade de studio yn om harren eigen hit te skriuwen.
Dr. J. Botkeskoalle – Damwâld
IKC Máxima – Ljouwert
Sint Radbodus – Dronryp
Thrimwalda – Gytsjerk
De Twiner – St. Jabik
De Brêge – Skarsterbrêge
IKC Sint Jozef – De Lemmer
It Haskerfjild – De Jouwer
De finale fynt plak op freed 21 juny yn De Lawei yn Drachten.

Lesbrief

By it online programma wurdt dit jier foar it earst ek lesmateriaal beskikber steld. Mei dat lesmateriaal wurkje klassen oan muzyk, Frysk, filosofy en boargerskip.

SjONG en SjONG junior
SjONG junior hjitte earder Sjongfestival en wie it sjongfestival foar Fryske basisskoallen. Dat is it noch hieltyd, mar it is útwreide mei in muzykles, professionele help fan muzikanten en programma’s. It hjit no SjONG junior. SjONG, de sjong kontest foar fuortset ûnderwiis, en SjONG junior wurkje dêryn gear. SjONG junior is in inisjatyf fan Afûk, Keunstwurk, Cedin en Omrop Fryslân. Mear ynformaasje is te finen op www.sjong.frl

Wat hâldt it no yn foar Thrimwalda?

21 maart op Thrimwalda: de klasse makket in eigen liettekst. Se skriuwe de tekst mei profesjonele muzikanten Raynaud Ritsma en Dirk-Lennart Hogeveen (de melody hawwe de manlju al makke ). Dit proses wurdt filme.
5 april yn in profesjonele studio: In part fan de groep sil it liet ynsjonge yn de studio. Dit proses wurdt filme.
21 maaie: de ôflevering fan Thrimwalda komt online op https://tsjil..nl/
11 juny: alle nûmers fan de 8 finalisten wurde gereleased op Spotify.
12 juny oant 21 juny promowike skoallen: de finalisten kinne harren liet promoatsje om sa de promopriis te winnen. Wa hat de measte streams?
21 juny: de grutte finale fynt plak yn De Lawei Drachten. De acht finalisten stride mei harren eigen liet om de prizen (ek de promopriis wurdt bekend makke).