...altyd nijsgjirrich!

Jonge poepen

Yn de fiver fan Heemstra State ha heit en mem markel (meerkoet), yn it Frysk ek wol in poep neamd, fjouwer jongen krigen.

De âlden ha it der mar drok mei. Hieltiten ûnder wetter dûke en dan mei lytse stikjes de jongen fuorje. En dat giet de hiele dei troch!
Opmerklik is eins dat de âlden wite befkes ha en de jongen read/brune. Letter wurde dy wyt.

0 van 0